MENU
under construction

Bestjoer Under de Toer oansteld

Stichting Under de toer har syn bestjoer oansteld. Nêst Sjoerd Ybema as sekretaris en Klaas Scheffer as ponghâlder giet it om Thom van der Goot as foarsitter.

Thom van der Goot: “Blij verrast was ik toen ze me onlangs belden of ik voorzitter wilde worden. Al sinds eind ’98 ben ik immers weg uit Fryslân, maar heb er – al zeg ik het zelf – aardig wat sporen nagelaten. Ik koester dierbare en levendige herinneringen aan evenementen en vooral mensen en doe dus van harte en enthousiast mee met Under de Toer. Een project waaraan uiteindelijk honderden mensen actief zullen deelnemen en waarvan duizenden zullen genieten. Leuke bijkomstigheid is het, dat Jos Thie – net als ik voormalig artistiek leider van Tryater – de leiding heeft, terwijl zakelijk leider Freek van Duijn theaterdirecteur in Arnhem was, toen ik dat in Groningen was. We kwamen elkaar regelmatig tegen!”

Van der Goot begûn syn karriêre yn de poadiumkeunsten yn 1976 as provinsjaal adviseur foar it amateurtoaniel. Hy joech kursussen, die regy’s en regybegeliedingen en wie foarsitter fan trije edysjes fan it Frysk Festival. Yn 1980 folge hy Pyt van der Zee op as artistyk lieder fan Tryater, en in 1986 waard Van der Goot direkteur fan De Lawei yn Drachten. Ek dêr krige (en naam) hy de kâns sels teater te meitsjen mei ûnder oaren grutskalige nijjiersspekatakels. Ein 1998 gong Van der Goot nei Grins mei de opdracht om de Stêdsskouboarch en muzyksintrum De Oosterpoort ta ien organisaasje om te smeien. Neist en nei syn banen hat Van der Goot altyd yn bestjoeren, sjuery;’s en kommisjes sitten. Op dit stuit is hy ûnder mear bestjoersfoarsitter fan de Vooropleiding Theater De Noordelingen, sit hy yn it bestjoer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Drenthe en advisearret hy de Drintse Kulturele gemeente 2017 Tynaarlo. Van der Goot: “De handschoen fan Under de Toer heb ik opgepakt en ik hoop dat ie me past!”