MENU
under construction

Earste lêzing skript Marijke Muoi

Foar efkes krijt it ferhaal fan Maria Louise van Hessen Kassel al in stim, tidens de earste lêzing fan it skript fan Marijke Muoi. De alve akteurs dy’t de personaazjes spylje dûke efkes ûnder yn dizze bysûndere skiednis dy’t him desennia lyn op dit plak ôfspile hat. Under tasjend each en lústerjend ear fan Sjoeke-Marije Wallendal, regisseur en Bouke Oldenhof, dy’t it stik skreau. Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert, wêr’t Marijke Muoi as iepeningsfoarstelling fan LF208 plakfine sil, kamen op 29 juny de akteurs byinoar om foar de earste kear meielkoar it skript te lêzen.

De spilers begjinne har ta te rieden op de foarstellingen, dy’t op 28 jannewaris fan start geane. Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert wurdt it twahûndert man grutte publyk ferdield oer de tsien personaazjes. Yn groepen fan tweintich giet it publyk mei ien fan de akteurs by ien fan de yngongen fan de tsjerke nei binnen. Sa nimt patriot Abraham Staal, spile troch Rogier in’t Hout, syn gasten yn ûntfangst yn it lapewinkeltsje fan syn frou. Eise Eisinga (Paul R. Kooij) nimt dy mei yn syn oertinkingen oer de revolúsje. Dêr wêr’t hy him noch soargen makket oer it hâlden fan de oarder, binne oaren minder betochtsum.

Marijke Muoi

It alfde personaazje, Maria Louise van Hessen-Kassel, is de paadwizer fan de foarstelling. Elk oar personaazje hat in rol spile yn de grêfskeining fan de foarâlder fan de Oranje Nassaus, dy’t yn de folksmûle leafdefol Marijke Muoi (tante Marijke) neamd waard. It is in foarstelling mei twa gesichten: eartiids en no, frijheid en gelikens, mear demokraasje of just minder? It publyk wurdt belutsen by it ferhaal en oan it tinken setten: wat soedesto dwaan, hoe fier soedesto gean foar dyn prinsipes?

De spilers

De spilers binne Joke Tjalsma, Paul R. Kooij, Martijn de Rijk, Dette Glashouwer, Rogier in ’t Hout, Ludo Hoogmartens, Albert Secuur, Michaël Bloos, Pleun de Roode, Bart Harder en Raphaël Mars.