MENU
under construction

In foarpriuwke

Ek sa nijsgjirrich nei wat wy yn 2018 ferwachtsje kinne fia Under de Toer? Guon plannemakkers jouwe in foarpriuwke fan wêr’t sy mei dwaande binne.

Hynstehier en de kaam fan de koster
“Yn’e hal fan ús tsjerke yn Langesweach is in spesjaal plakje der’t tsjerkegongers har sigaar dellizze koenen om nei de tsjinst fierder te smoken. Hjir lei ek in grutte groffe kaam, dy’t wat dierliks hie, mei in spegel der boppen. Tsjerkegongers dy’t troch waar en wyn mei ferwaaide hieren de tsjerke binnenkamen, of in reinkapke droegen hienen, pakten dizze kaam om foar de spegel har hier te kjimmen. Oant 1980 wie dit in hiel normaal gebrûk in dizze tsjerke. In kaam, dy’t troch elkenien fan it doarp brûkt waard om netjes mei kjimde hieren de tsjinst by te wenjen. De grutte plôk hier dy’t nei eltse tjinst yn de kaam efterbliuwde, helle de koster der nei de tsjinst bûten út en liet er oer it tsjerkhôf troch de wyn fuortfiere. Dizze anekdote, tegeare mei de mythe dy’t fertelt wêrom der op ús Toer gjin hoanne, mar in hynder stiet, is de basis fan ús Under de Toer projekt. Wêrfoar’t we op it doarp no al hynstehier sammelje? Dat fertelle we graach as we selektearre wurde. Langesweach hat de sin yn!”

Lytse Fedde út Nijlân
“Hoe’t Lytse Fedde, de timmermansfeint, de fersakjende tsjerketoer fan Nijlân rêde woe, mar syn plak kenne moest. Folle letter soe sels de toer fan Pisa foar fierder fersakjen behoeden bliuwe neffens Lytse Fedde’s plan! As wy yn de seleksje fan Under de Toer komme, wolle wy dit ferhaal fertelle. En mear dan dat: we sille dan op syk nei de hjoeddeiske Lytse Fedde’s fan ús doarp.”

Under de Toer fan Wommels
“Folsein yn lijn mei hoe’t der út Talant wei socht wurdt nei manieren om bewenners en kliïnten folweardich meidwaan te litten oan KH2018, ûntwikkelje wy in prachtich projekt: wy freegje net of wy hjir of dêr oanheakje kinne, mar noegje sels út om mei ús plan mei te dwaan! Wat betsjut de toer fan Wommels foar dy? is de fraach dy’t wy ússels en it doarp stelle. It inisjatyf komt fan de begeleid wonen-lokaasje Tywerthiem. Wy ha neist de tsjerke al kontakt mei de toanielferiening, it greidhoekfestival, en wy freegje sjongers út it doarpskoar om yn ús koar Happy Voices mei te sjongen. Rekkenje der mar op dat de flagge op de tsjerketoer wapperet as wy selektearre wurde!”