MENU
under construction

Ynterview: Arno Brok

De grutste sponsor fan Under de Toer is it Prins Bernhard Kultuerfûns. It fûns joech in bedrach fan € 500.000,- wêrtroch it projekt realisearre wurde kin. De kommissaris fan de Kening en foarsitter fan it Kultuerfûns Arno Brok sjocht út nei de realisaasje fan it projekt.

Wat hat foar it Prins Bernhard Kultuerfûns de trochslach jûn om de kar te meitsjen om Under de Toer te stypjen? Wy woene graach in bydrage leverje oan Kulturele Haadstêd, mar dan wol oan in projekt dat by ús doelstellings past. Der binne in soad amateurferieningen oan ús ferbûn. Sy gean foar ús by de doarren del en meitsje it mooglik dat wy ús wer foar har ynsette kinne. Boppedat fine wy kultuerdielname troch amateurs fan grut belang, ek by Kulturele Haadstêd. Dat kin mei dit projekt hiel goed.

De gearwurking tusken profesjonals en amateurs yn de projekten fan Under de Toer makket it projekt bysûnder. It is foar amateurs tige learsum hjir oan mei te wurkjen. Dêrneist hat Jos Thie yn it ferline as regisseur oanjûn dat er dit soart fan projekten op in moaie wize ta útfiering bringe kin. Dat skept betrouwen.

Hoe slút Under de Toer oan by de doelstellingen fan it Prins Bernhard Kultuerfûns? It Prins Bernhard Kultuerfûns stipet in hiel soad projekten op it mêd fan kultuer, natuer en wittenskip. Mei finansjele bydragen, opdrachten, prizen en beurzen stimulearje wy bysûndere inisjativen en talinten. As wy it oer bysûndere projekten hawwe, dan is Under de Toer dêr wol in foarbyld fan. Projekten fine ferspraat oer de hiele provinsje plak, mei de mienskip.

It is foar it Prins Bernhard Kultuerfûns in útsûnderlike bydrage. Dat skept ek ferwachtingen. Wannear is Under de Toer foar jo slagge en hat it oan de folwachtingen foldien? It kloppet dat it in útsûnderlike bydrage is. In bedrach fan in heal miljoen euro is noch net earder takend oan fergelykbere projekten. It Prins Bernhard Kultuerfûns bestiet út in lanlik buro en tolve provinsjale ôfdielings. As provinsjaal bestjoer binne wy tige bliid dat ek by it lanlik buro draachflak bestie foar in bydrage oan Under de Toer. Mei-inoar hawwe wy doe it jild beskikber steld.

Wy fertrouwe der dan ek op dat Under de Toer ta in grut sukses útgroeie sil. Wy binne bliid mei de grutte belutsenheid fan de mienskip by de projekten. Doarpen mobilisearje de ynwenners om ûnder lieding fan in profesjonal mei-inoar in bysûnder ferhaal om de tsjerke hinne te fertoanen. Dêrmei komt de skiednis fan Fryslân en de doarpen nei foaren. Dat smyt kear op kear in prachtich evenemint op. Ik bin ek fêst fan doel om in oantal te besykjen en gasten mei te nimmen. Wy ferwachtsje dat de gearwurking dy foarm krijt yn de takomst noch in soad moaie kulturele aktiviteiten opsmite sil.

Mei Under de Toer hoopje wy net allinne foar 2018 it publyk wat bysûnders te jaan, mar ek in bydrage te leverjen oan de neilittenskip fan de ferhalen fan ûnder de Fryske tsjerketuorren. Hokker neilittenskip fan Under de Toer soene jo graach sjen wolle? It soe moai wêze, dat foar de takomst net allinne de ferhalen oer de Fryske tsjerketuorren trochjûn wurde, mar dat it ferienings ek stimulearret om de kultuer yn de omkriten libben te hâlden. Troch mei-inoar in soad aktiviteiten te organisearjen.

We hawwe in bysûndere relaasje mei elkoar opboud. Tanksij jo en jo organisaasje kin it pubkyk it ferskaat oan Fryske ferhalen opnij belibje. Wat soenen jo as organisaasje it publyk meijaan wolle oer itjinge dat Under de Toer sjen lit en efterlit? It boadskip foar de besikers kin wêze om se net allinne fan de foarstelling genietsje te litten, mar ek om se mei te jaan, dat it mooglik is om dit soarte fan projekten te organisearjen. Kultuer bringt minsken by elkoar, ynspirearret en soarget foar ferhalen. It Prins Bernhard Kultuerfûns wol en kin hjir in grutte rol yn spylje. It stipet alle jierren mear as 3500 projekten. Troch jeften en kollektes kinne minsken it Kultuerfûns stypje.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it Prins Bernhard Kultuerfûns https://www.cultuurfonds.nl.