MENU
under construction

Anna Maria

7 – 28 april 2018

Nicolaaskerk Wiuwert

YN KONTAKT MEI Genève, Zwitserland

Yn 1678 stoar Anna Maria van Schurman yn Wiuwert, yn ’e âldens fan santich jier.
 Se waard begroeven yn de Nicolaastsjerke. Van Schurman wie in ferneamde 17e-iuwske frou. Se wie tige bekwaam yn meardere talen, wie wittenskipster en keunstneresse. Se korrespondearre en wie befreone mei in stikmannich ferneamde minsken, wêrûnder René Descartes, Constantijn Huygens en Jacob Cats. Se wie de earste frou yn Europa dy’t studearje mocht oan de universiteit. Mar hoe’t se ek wurdearre en priizge waard, dit feroare doe’t se har oansleat by de strange sekte fan Jean de Labadie, ôfstân die fan har wurk en
har weromluts op de Van Walta State yn Wiuwert. Anna Maria is in foar in part histoarysk, foar in part ktyf ferhaal oer it libben fan Anna Maria van Schurman.

M.m.f. Toanielgroep Vriendenkring Britswert/Wiuwert, doarpsbelang De twa doarpen en Museum Martena Frjentsjer. Skript: Remco Klop, rezjy: Luuk Eisema

Keapje jo kaartsjes hjir.

Download
persmap van Anna Maria