MENU
under construction

Bakzeuntjes

21 en 22 april 2018

Lambertuskerk, Arum

YN KONTAKT MEI Riga, Letland

Gerop yn ’e haven: ‘Dêr binne se!’ Froulju swaaie mei doeken heech boppe de holle en it lûd fan in trompet klinkt skel. Dêr binne de seehelden dy’t wyn en wetter steane om brea op ’e planke te krijen. De Bakzeuntjes sjogge der nei en dreame der oer. Dêr wêr’t de boaten weikomme, achter de hoarizon, dêr is it wiere libben. Achter harren stiet Gesina. Se stoareaget yn ’e fierte: ‘Claas’, flústert se. Claas Doedens, de grutte leafde fan Gesina, is nea weromkommen fan see. Syn lêste brief út Riga hat se noch yn ’e hân.

En elke dei as de skippen binnenkomme, freget se: ‘Hat ien wat oer Claas heard?’ Oant op in jûn in skipper har antwurdet mei ‘ ja’ en har meinimt nei de wrâld ûnder wetter, om Claas te sykjen. In boppe- en ûnderwetterferhaal út Noard- West Fryslân.

Utfierd troch Jeugdtheaterschool Noorderwind yn gearwurking mei Christelijke Muziekvereninging Wubbenus Jacobs, Teater de Koornbeurs en Teater Zīļuks Riga. Rezjy: Hanneke de Man, sangdosint: Monique Bakker, kostuumûntwerp: Erica Alsema, dirigint: Arjen Steur, produksje: Leentje Visser.

Mear ynformaasje: info@jtsnoorderwind.nl

Download
persmap van Bakzeuntjes