MENU
under construction

De 7 fan Sânfurd

24 - 26 maaie 2018

Kerk Sandfirden

YN KONTAKT MEI Duitsland

Wat die de Hartoch fan Beieren yn Sânfurd? Wa hat der yn de sarkofaach dy’t fûn is lein? En wêrom stie de tsjerke yn 1825 fol mei kij? En dan molkrider grutte Meine: eltse dei brocht er de molkbussen fan de Sânfurder boeren nei it fabryk en soarge er dat alle rabbels en nijtsjes trochjûn waarden.

De tsjerke is ien fan de fjouwer lokaasjes fan de foarstelling. We ride op molkriderskarren by de ferskate sênes del en wurde meinommen troch de skiednis fan Sânfurd en grutte Meine. De teatrale tocht einiget mei in spektakel op it wetter ûnderoan de tsjerke: Wa binne dy tweintich breiden? Wat docht byldzjend keunstner Gerrit Terpstra dêr?
 De 7 fan Sânfurd: 7 ferhalen, 7 dissiplines,
 yn ien teatertocht.

Mei de fanfare Eendracht Maakt Macht, popkoar Aldegea, de Toanielferiening en byldzjend keunstner Gerrit Terpstra. Artistike lieding en rezjy: Peer van den Berg (SuverNuver).

Mear ynformaasje: www.sanfurd.nl

Download
persmap van De 7 fan Sânfurd