MENU
under construction

De Bestimming

8 – 18 novimber 2018

Meinardskerk Minnertsga

YN KONTAKT MEI Vreren, BelgIë

Alles yn it libben hat in bestimming, in doel. De mem mei har fertriet dy’t inkeld noch har stim klinke lit a de cello. De jammerjende leadjitter dy’t tasjocht hoe’t de tsjerke troch syn skuld yn ljochte lôge stiet. In karre dy’t swier beladen troch de Belgyske heuvels rydt. De dûmny dy’t mar net de geast krijt foar syn preek. De karre mei it harmoanium dy’t, foarútlutsen troch de jonge, fol klank de nacht yn giet.
De Bestimming is in foarstelling wêryn’t de besiker mei op reis giet nei in ûnwisse bestimming, as in echtling foar it ûnheil, mar yn de tsjerke fan it doarp in feilich, musikaal en byldzjend hinnekommen fynt. Novimber 2018, in lokaasjefoarstelling yn en rûn de toer, tsjerke en pastorije fan Minnertsgea.

Spile troch keunstners en spilers út de eigen mienskip fan Minnertsgea. Mei ûnder oaren Simon Bouma op oargel en Judith Oost op sello. Tekst: Sybe Joostema. Filmbylden en artistike lieding: Anne van Slageren. Mei komposysjes fan Gert Oost, dûmnysoan dy’t yn Minnertsgea opgroeid is.

Mear ynformaasje: info@debestimming.nl

Download
persmap van De Bestimming