MENU
under construction

De Frijtinker

1 - 6 jannewaris 2018

Mauritiuskerk IJlst

YN KONTAKT MEI Saint-Maurice, Frankrijk

De Frijtinker. Oan de tape fan de stedsherberch rekket flechtling Tesfalem yn ’e ban fan Gearte, it kastleinske. Yn har werkent hy de frijheid en de eigenheid dy’t him yn syn eigen lân ûntnommen waarden. Gearte nimt him en it publyk mei op in omgong lâns de tsjerken fan Drylts. Wylst sy fertelt, komt de skiednis fan ’e stêd ta libben. Yn in setting fan teater, dûns en muzyk moetsje se in doperske marteleresse, in garismatyske predikant en in djipleauwige fabrikant; stik foar stik minsken dy’t foar harren prinsipes steane. Frijtinkers. Wilens ûntregelje duveltsjes de foarstelling
en komt it ta hilaryske spraakbetizingen. Mei Sint-Mauritius, de beskermhillige fan Drylts, fielt Tesfalem in djip ferwantskip. Hy identifisearret him mei de swarte hillige, mar wol net krekt as hy stjerre foar syn oerstsjûgings. Bestiet de frijheid dy’t hy siket inkeld oan ’e goddeleaze tape fan de herberch? Dêr kin elkenien himsels wêze. Frij.

Rezjy en artistike lieding: Ypy Zysling, skript: Flip van Doorn, muzyk: Sytse Broersma, Muzykteater Drylts. M.m.f. ynwenners Drylts.

Mear ynformaasje: info@muziektheaterijlst.nl / www.muziektheaterijlst.nl

Bestel kaarten

Download
persmap van De Frijtinker