MENU
under construction

De klok en het meisje

3 - 5 juny 2018

Thomaskerkje Katlijk

YN KONTAKT MEI Duitsland

Ynienen wie se dêr, it famke fan de klok. 
De doarpsbewenners fernuverje harren der ûnderwilens net mear oer. Sy fynt it no ik om by de klokkestoel te sitten. Somtiden liket se folsleine petearen te eren…
 It publyk sit op in tribune yn ’e greide en sjocht út op it prachtige Thomastsjerkje mei de klokkestoel derneist. Fia it famke geane hja in wûnderlik spul oan mei de tiid. Dy blykt net gronologysk of perfoarst gjin logika te befetsjen. Krekt as yn in dream rinne ferhalen troch elkoar, parallel oan elkoar en bestean njonken elkoar. Sa kin it barre dat se mei de maresjesee út 1930 opsletten sit yn ’e tsjerke, wylst de ûnderdûkers út 1942 lânskomme.
 It famke is as in nster mei útsjoch op de fer eine iuwen, hjoed-de-dei en mooglik
 sels de takomst. Krekt as de klok is sy de 
stille tsjûge.

M.m.f. Toanielferiening De Twa Doarpen, Thijs (Ties) Huisman en Gerard Thijssen, learlingen fan Bornego College en OSG Sevenwolden, in koar, Yoram Ish-Hurwitz, Oranjewoud Festival.
Rezjy, tekst, komposysje en foarmjouwing: Kameroperahuis

Mear ynformaasje: info@oranjewoudfestival.nl / www.oranjewoudfestival.nl

Keapje jo kaarten hjir.

Download
persmap van De klok en het meisje