MENU
under construction

De klokken fan Berltsum

2, 3, 5 en 8 maaie 2018

Koepelkerk Berlikum

YN KONTAKT MEI Mannheim, Duitsland

Elkoars leafste foar 400 jier.

Yn de Koepeltsjerke yn Berltsum hinget sûnt 1593 in klok. Dizze krige yn 1663 selskip fan in swierdere klok. Tegearre wienen se, yn in moai ynterfal, te hearren yn ’e wide omkriten. Yn ’e tiid fan Napoleon ferkochten de Berltsumers, dreaun troch jildpine, de swiere manneklok oan de Dútske stêd Mannheim. Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden beide klokken út harren toer helle en fuort fierd mei it doel omsmolten te wurden. Yn Berltsum gûlde de klok twa oeren oanien. It pear oerlibbe it mar se bleaunen fan inoar skieden. Lit dy meifiere troch in dramatyske, muzikale fertelling oer twa leafsten dy’t troch it lot by elkoar weiskuord waarden, mar no – nei iuwen – einlik wer tegearre yn Berltsum te hearren binne.

Mei tenoar Albert Bonnema, oare solisten en musisy, ynwenners fan Berltsun, meardere koaren en fanfare OpMaat.

Mear ynformaasje: info@deklokkenfanberltsum.frl / www.deklokkenfanberltsum.frl

Download
persmap van De klokken fan Berltsum