MENU
under construction

De man dy’t hout dûnsje liet

21 – 28 febrewaris 2018

Mariakerk Mantgum

YN KONTAKT MEI Tsjechië

Trije jier lang fear Hermannus Berkenbijl, rûn 1781, alle wiken fan Ljouwert nei Mantgum om te wurkjen oan it houtsnijwurk fan de Mariatsjerke. Syn wurk is machtichmoai slagge: weagjende blombledsjes, libbensechte trompetten en bibelske tafrielen op ’e preekstoel. Tear en beweechlik, mar makke fan hout. It libben en wurk van dizze Hermannus Berkenbijl wurdt troch de mienskip fan Mantgum ferteld en ferbylde yn de foarstelling De man dy’t hout dûnsje liet. Jo belibje wat bysûnders mei dûns, teateren muzyk.

Njonken de foarstelling is der yn deselde
wike in houtsnijersfestival yn Mantgum. Dit festival lit it houtsnijen yn al syn fasetten sjen. Jo kinne sjen hoe at er houtsnijden wurdt by de demonstraasjes of it sels dwaan yn ien fan de workshops. Kom, en meitsje mei hoe’t hout dûnsje kin!

M.m.f. Mariatsjerke Mantgum, Doarpsmienskip Mantgum, Wietwetterklup, MFC De Wjukken, OBS De Gielguorde, houtsnijers út Fryslân en hiel Nederlân. Idee en artistike lieding: Willy van Assen en Valerie van de Ridder

Keapje jo kaartsjes hjir.

 

Download
persmap van De man dy’t hout dûnsje liet