26, 27 en 29 septimber, 5 - 6 oktober 2018
PKN-Kerk Wommels
YN KONTAKT MEI Vollsjö, Zweden
In foarstelling oer it belang fan in beaken yn ús libben.
Klaas hat in protte fan de wrâld sjoen. Dizze âld-Wommelser en âld-bankier is boer wurden yn Sweden, en wennet dêr tegearre mei syn frou en bern. Klaas syn profylfoto op WhatsApp is in foto fan de Wommelser toer, mei de Fryske agge yn top!
Wat betsjut de tsjerketoer foar dy? De assosjaasjes en ferbylding fan de kliïnten fan Tywerthiem (Talant) hjirby foarmje de reade tried fan in muzikale teaterproduksje dy’t ûnderdiel útmakket fan it Greidhoek’ festival 2018. Mei stipe fan de lokale muzyk-, sjong- en toanielferienings wurdt de gearwurking socht mei minsken út it doarp fan Klaas, om de rol fan de tsjerketoer as beaken yn it libben te beskriuwen en te besjongen.
M.m.f. bewenners Tywerthiem, ynwenners Wommels, Toanielselskip Wommels, The Happy Voices, popkoar Sjong!, Euphonia, De Mik, Greidhoek’ festival, mei tank oan Rozemarijn Strubbe, Wybren Jorritsma, Klaas Malda en Janneke Okkema. Rezjy: Catrien Jonker, skript: Sjoukje de Boer, poëzy: Pieteke de Boer, artistike superfyzje: Wouter Daane.
Mear ynformaasje: j.okkema@talant.nl