MENU
under construction

Dodo fan Haska

19 - 23 septimber 2018

Kapelle van Haskerdijken, Haskerdijken

YN KONTAKT MEI

Oait iensum op ’e romte, hjoed-de-dei ynklamme tusken spoar en ouwerbaansdyk, stiet De Kapelle fan Haskerdiken noch
altyd oerein. It godshûs sil fan 19 oant 23 septimber 2018 it toaniel wêze foar de Fryske iepenloftopera Dodo fan Haska. It libretto
is skreaun troch Eppie Dam, de muzyk is fan Gerben van der Veen. Alle if foarstellingen sette om 20.00 oere útein.
It stik bringt ús werom nei de 13e iuw,
doe’t de haadpersoan him fêstige yn ’e Haskerlannen. Dodo wie in geastlike, in man mei in missy. Hy stie bekend om syn grutte pastorale jeften. Hy holp mei om it lân te bewurkjen en by de oanlis fan diken. Dodo wie ek gewoan in minske, mear as him leaf wie. Om tsjin syn oan ochtings te striden socht er syn heil yn aseze. Just yn it hûs fan God krijt er besite fan de Duvel…

M.m.f. û.o. bewenners, akteurs, muzikanten en sjongers fan Haskerdiken e.o. Libretto: Eppie Dam, komposysje: Gerben van der Veen, rezjy: Romke Gabe Draaijer.

Mear ynformaasje: dodofanhaska@gmail.com

Keapje jo kaarten hjir.

Download
persmap van Dodo fan Haska