MENU
under construction

Een Jammerlijck Klaachlied

1 – 2 juny 2018

St. Gertrudis Kerk Workum

YN KONTAKT MEI Tavernes De La Valldigna

Op in dei yn 1574 kaam skipper Hendrik Spruyt mei syn frou Trijntje Jans oan yn harren thúshaven Warkum. Hja wienen Menisten; folgelingen fan Menno Simons. Caspar de Robles, steedhâlder fan Fryslân yn tsjinst fan de kening fan Spanje, hie it op dizze lytse, ferbeane mienskip foarsjoen. Fanwegen harren kettersk leauwen mar net minder om harren sinten; nedich foar de oanlis fan diken. Spruyt waard op it merkplein letterlik en figuerlik útklaaid, fêstbûn oan in âld skip, dat yn ’e brân stutsen waard en nei see dreaun. Dit ferhaal is it útgongspunt fan In Jammerlijck Klaachlied. In multymediale foarstelling oer godstsjinstfrijheid, rebelly, ûnderdrukking en de ivige striid tsjin it wetter. Filmbylden en muzyk fan it Frysk Fanfare Orkest, jazzkwartet Talking Cows en sjongkoar Sjongsum liede de taskôger lâns plakken en barren fan dy tiid. Thijs Feenstra en Jan Arendz beljochtsje it ferhaal fan de Hollânske opstân fan twa kanten.

Mei Thijs Feenstra en Jan Arendz, skript en film: Frits Boersma, komposysje: Frans Vermeerssen, dirigint: Jouke Hoekstra, rezjy: Marijke Geertsma, m.m.f. Frysk Fanfare Orkest, Talking Cows, koar Sjongsum en Orquesta Filarmónica Cervantino.

Sjoch de trailer hjir.

Bestel jo kaarten hjir.

Mear ynformaasje: www.hetfilmverhaal.nl / info@hetfilmverhaal.nl

Download
persmap van Een Jammerlijck Klaachlied