MENU
under construction

Een nacht in de Sint Janskerk

13 – 31 augustus 2018

St. Janskerk Hoorn Terschelling

YN KONTAKT MEI Sarzana, Italië

Een nacht in de Sint Janskerk is in brûzjende muzykteaterfoarstelling. Teater Compagnie Barrevoet jout, tegearre mei talintfolle jongeren, bern en folwoeksenen út de Skylger mienskip, in byld fan de rike skiednis fan de Sint Janstsjerke en de legindes dy’t der oan ferbûn binne.

In groep jongeren slûpt út nijsgjirrigens de tsjerke yn. Ynienen steane se each yn each mei de âlde koster. Hy nimt harren mei op in reis troch syn oantinkens. Frjemd genôch gean dizze werom oant yn it jier 1230, doe’t in iensume muonts oer it Waad doarme, sykjend nei in ko dy’t fuortrûn wie. It liket wol as is de koster like âld as de stiennen fan de tsjerke sels. Is hy in besiele ferteller of is der mear oan ’e hân? En wat wolle dy twa fromme widdo’s? Wylst de jongeren besykje it mystearje te ûntsiferjen, begjint ynienen it oargel te spyljen..

Rezjy: Terence Roe, konsept: Compagnie Barrevoet, spul: Aafje Terpstra, Mariella Melani, Judith Oost, Martin de Nooij, Giovanni Delfino, Chris Corstens, Maaike en Sebastiaan van Leunen, jongerein en bern út de mienskip, sjongers fan it Skylger mannekoar De West Aletasingers, kostuums: Margot Nies. M.m.f. kosters Jan en Anja Zorgdrager, Barrevoet Jeugdopleiding, Muzykskoalle de Notenboom, Stichting Muziek Op Terschelling, Harmonie Jubal Terschelling, Fanfare Schylge, belutsenen rûn de Sint Janstsjerke Hoarne, Skylge.

Mear ynformaasje: www.barrevoet.nl / info@barrevoet.nl

Download
persmap van Een nacht in de Sint Janskerk