MENU
under construction

Fertellendeweis

23 july – 6 augustus 2018

Protestantse kerk Tytsjerk

YN KONTAKT MEI Kosjeric, Servië

Yn 2018 set Tytsjerk de hûs- én tsjerkedoar wiid iepen foar ûnbekende besite, dy’t yn en tegearre mei it doarp, in ûnútwisbere yndruk efterlit. Fan 23 july oant 6 augustus herberget ferhaleprojekt International ArtCamp Tytsjerk, 25 keunstners út hiel Europa. De artysten fan útienrinnende disiplines ferbliuwe by gastfrije ynwenners.

Gastfrij wiene de Tytsjerksters ek yn ’e Twadde Wrâldoarloch, doe’t 170 Roomske echtelingen út Tiel nei it Fryske doarp kamen. Hja brochten in oare taal en in oar leauen mei. Se waarden yn ’e tsjerke opfong en fan hjir út ferwiisd nei doarpsbewenners dy’t harren huzen iepenstelden. Dizze oarlochsferhalen, yn 2017 ek al ûnderdiel fan ’e suksesfolle teatrale kuiertocht It Paad nei Frijheid, foarmje in ynspiraasjeboarne.

It ArtCamp giet troch op de rol fan ’e
tsjerke yn dy oarlochsjierren. Allinne komme no de frjemdlingen yn frijheid gear yn de Protestantse Kerk, dêr’t hja wurkje oan in mienskiplik einspektakel mei en troch it doarp.

M.m.f. Protestantse Gemeente Tytsjerk, Kulturele- en Aktiviteitekommisje Tytsjerk, Doarpshûs Yn ’e Mande, Stichting Op Toutenburg/Park Vijversburg, Stichting Jeugdwerk Tytsjerk, Ondernemersclub Tytsjerk, Stichting Feestcommissie Tytsjerk, Vrouwen van Nu Tytsjerk, ferhaleferteller Giny Bastiaans. Artistike lieding: Reina Rodina.

Mear ynformaasje: artcamptytsjerk@gmail.com

Download
persmap van Fertellendeweis