MENU
under construction

Haren in de wind

13 april – 21 oktober 2018

Mattheuskerk Langezwaag

YN KONTAKT MEI Borgloon, Belgie

Sneintemoarn: de sneinske klean oan en mei kjimd hier nei tsjerke ta. Foar de ûnderweis ferwaaide hieren leit de kaam fan de koster klear. Nei elke tsjinst wurdt de plôk hier dy’t hjiryn efterbliuwt, oer it tsjerkhôf, troch de wyn mei fierd. Dizze anekdoate, in oantinken oan ’e bernejierren, oer dysels moai meitsje foar de tsjerketsjinst en de myte dy’t fertelt wêrom’t der op ús Toer in hynder stiet, binne de ynspiraasje foar in ûngewoane tsjerkebelibbing.

Yn en rûn in bysûndere ynstallaasje, yn de foarm fan de Mattheustsjerke, fertelle wy 
in ferhaal oer ferwûndering en de fearkrêft fan it libben. Mei hynstehier, muzyk en in bolderjend oargel. Do rûkst en hearst it hynder; ûnderfynst in oerkrêft. Dêrneist portretten dy’t dy meinimme yn de yntimiteit fan it deistige hierkjimmen. Dizze kombinaasje fan rauwens en skientme sprekke de sintúgen op in ûnferwachte wize oan. Om meielkoar de leafde foar it libben te fieren.

Mei grutskens makke troch de doarpsbewenners fan Langsweagen ûnder lieding fan Monique Jansma en Wietske Lycklama à Nijeholt.

Mear ynformaasje: info@harenindewind.nl

Download
persmap van Haren in de wind