MENU
under construction

Het Fluitschip

25 maaie – 3 juny 2018

Grote Kerk Hindeloopen

YN KONTAKT MEI Narva, Estland

Is de leafde sterker as it wetter?

De fluit, in skip foar de hannelsfeart, fart op Riga oan. Oan board 2e stjoerman Wiebe Aukesz. Thús, yn Hylpen, wachtet syn ferloofde Jildous. In prachtich ferhaal fan brulloft oant begraffenis yn ’e tiid fan de bloeiende skipfeart fanút de haven fan Hylpen.

In foarstelling yn de Hylper taal en autentike dracht troch de pleatslike mienskip. Folkloare, folksfermaak, skilderkeunst, stoffen en 
in wintertafriel op ferskate lokaasjes yn it stedsje; in dekôr fan harsels mei al har lytse strjitsjes, prachtige lantearnen, steechjes, grêften, histoaryske wenten en beskildere húskeamers.

Om de wiere reis fan it fluitskip op ’e nij ta libben te bringen heart men de klanken fan in Russysk-Ortodoks koar út Narva, Estlân.

M.m.f. folkloristyske dûns- en sjonggroep Aald Hielpen, muzykferiening De Lytse Súdwesthoeke, Hylper Seemanskoar Auke Wybesz, Fiskwivekoar Grietje Sprot en Byzantijns Mannenkoor Friesland. Keunst- en skildersatelier; Glashouwer, Roosje, Iekoon, Johan Mulder, Bootsma. Museum Hindeloopen, Reedrydmuseum Hylpen, Stichting tot Behoud van Immaterieel Erfgoed. Produksje: Guus Pieksma, skript en rezjy: Hannie Zwerver

Mear ynformaasje: hetfluitschip@mail.com

Keapje jo kaarten hjir.

Download
persmap van Het Fluitschip