MENU
under construction

Het heilige hert van Cambuur

13 – 24 juny 2018

Agneskerk Goutum

YN KONTAKT MEI Falmouth, Cornwall (UK)

It wie in bern fan de skoalle tichteby, dy’t de dûmny fan de Agnestsjerke wies op’e oanwêsichheid fan it Cambuur logo yn’e tsjerke. It jonkje krige in rûnlieding troch de tsjerke en werkende yn it famyljewapen fan de Cammingha’s, de stifters fan Ljouwert, fuortendaliks it reade lizzende hert yn goud en rôp enthousiast: ‘binne jim ek al fan?!’

It fertrekpunt fan in teatrale sykjen nei mear mooglike ferbannen tusken de Agnestsjerke en SC Cambuur.
Yn prosesje beweegt it publyk him torch de tsjerke, op weis nei it gers ild ûnder de toer. Hjir docht him in beeldferhaal oer roots, religy en fuotbal út de doeken. It woanskip klinkt út it oargel, it reade hert komt ta libben en de Cammingha’s herrize op it griene striid ild fan de dielde skiednis. In ferrassend teaterevent op lokaasje troch de trije jonge makkers fan Skoft & Skiep mei de mienskippen fan Goutum en SC Cambuur.

M.m.f. Agnestsjerke Goutum, Basisskoalle Wiarda, SC Cambuur, Doarpsbelangen Goutum, Doarpsfeest Goutum, Doarpshûs Ien en Mien, De Kûle, Keatsferiening Yn ’e smoute fan de Goutumer Tsjerke, Dameskoar Eigenwijs, Toanielferiening Krap bij Kas, Mannekoar GSBK. Konsept & rezjy: Skoft&Skiep

Mear ynformaasje: www.skoftenskiep.nl

Keapje jo kaarten hjir.

Download
persmap van Het heilige hert van Cambuur