MENU
under construction

It paad fan de Wûnderdokter

23 juny 2018

Sint-Petruskerk Jistrum

YN KONTAKT MEI Achel, België

In keunstsinnige kuier ert de besiker troch it lânskip en it doarp Jistrum. Yn dit lytse doarp stiet in pearel fan midsiuwske boukeunst: de Sint-Petrus tsjerke. Under de toer fan dizze tsjerke leit in markante Jistrummer foarâlder begroeven.

Yn dizze kuier ûnderfynt en belibbet de besiker it ferhaal fan dizze foarâlder, de wûnderdokter Joast Wiersma. Wat die de wûnderdokter? Hoe hat hy libbe? Hoe waard hy troch it doarp belibbe en wat makke him sa ferneamd of berucht? Ferteld yn skilderijen, muzyk, ferhalen en gedichten.

Yn de oanrin nei de kuiertocht is it mooglik om sels de ferhalen fan it folk op in artistike wize foarm te jaan troch mei te dwaan
oan ferskate workshops yn ferskillende keunstfoarmen.

Dêr wêr’t folksferhalen ûntstean binne, komme hja ta libben. Dêr wêr’t legindes berne binne, wurde hja op ’e nij belibbe.

M.m.f. Fanfare Joost Wiersma, Toanielferiening De Snieskeppers, Doarpsbelang Jistrum, Protestantse Gemeente Jistrum, Hilly Harms, Tet Rozendal, de band Wiebe.

Mear ynformaasje: www.wunderdokter.nl of wunderdokter@hotmail.com

Download
persmap van It paad fan de Wûnderdokter