MENU
under construction

Lûd fan de Middelsee

30 septimber 2018

Oldehove Leeuwarden

YN KONTAKT MEI

Yn Lûd fan de Middelsee bringe 17 muzyk-ferienings de âlde Middelsee op ’e nij ta libben. De Middelsee: nij grûngebiet fan de gemeente Ljouwert. De thúsregio fan de
17 gearwurkjende ferienings. De stêd yn ’e kunde komme litte mei de doarpen, en de doarpen meinimme nei de stêd: dat is it doel fan Lûd fan de Middelsee.

Dêrom klinkt op 30 septimber 2018
 fan Hijum oant Ljouwert muzyk. In
muzikale fytsrûte, troch it lânskip fan de Middelsee. Yn de doarpen en ûnderweis fersoarg je showbands, brassbands, fanfares, harmonykorpsen én in doedelsekband ferrassende optredens. Einpunt fan de rûte
is De Prinsetún yn Ljouwert. Dêr is iten en drinken foar elkenien. De grutte nale fynt dy jûns plak Under dé Toer, de Aldehou. Dizze toer, boud op de kust fan de âlde Middelsee, stiet symboal foar de gearwurking tusken de muzykferienings. Mei har allen bringe hja in spektakel dêr’t noch lang oer praat wurde sil.

M.m.f. Apollo Grou, Crescendo Hijum/Feinsum, Da Capo Ljouwert, De Kriich Wergea, De Nije Bazún Britsum, Harmonie Weidum, Hosanna Ljouwert, Looft den Heer Wurdum, Oldehove Kapel Ljouwert, Ons Genoegen, Pasveerkorpsen Ljouwert, Soli Brass Ljouwert, Studio Stiens, Takostu Stiens, Frysk senioaren orkest, Graham Lowland Pipes & Drums. Komposysje: Geert Jan Kroon. Rezjy en artistike lieding: Wouter Daane.

Mear ynformaasje: ludfandemiddelsee@outlook.com

Download
persmap van Lûd fan de Middelsee