MENU
under construction

Marijke Muoi

14 jannewaris - 17 maart 2018

Grote of Jacobijnerkerk Leeuwarden

YN KONTAKT MEI

Ljouwert, augustus 1795
Radikale revolusjonêren stoarmje de Grutte Tsjerke binnen, slaan alles oan grom, helje weardefolle metalen út de grêven en skoppe de bonken fan de Nassaus yn it rûn. Mei de skedel fan Maria Louise van Hessen-Kassel, wurdt sels fuotballe. Oranjeklanten, revolusjonêren, aventuriers, wittenskippers en idealisen, sammelje har foar de Grutte Tsjerke. Demokrasy is wat se wolle. No!!

Ljouwert, jannewaris 2018
De wrâld skuoddet op har grûnfêsten. Populisten roppe op ta striid, ta it ferdriuwen fan de polityke en maatskiplike elite. Wêr moat it hinne: mear demokrasy of krekt minder? Teater oer ús tiid wêryn’t de taskôger net fansiden bliuwe kin. Jo wurde meinommen yn in betiizjende striid; wurdt it frijheid, gelikensens en bruorskip foar elkenien of net?… Marijke Muoi, in foarstelling mei twa gesichten, in foarstellinge fan revolúsje en fersoening.

Mear ynformaasje: www.marijkemuoi.frl

Bestel kaarten

Download
persmap van Marijke Muoi