MENU
under construction

Merakels fan Nylân

5 – 6 oktober 2018

Nicolaaskerk Nijland

YN KONTAKT MEI

In foarstelling oer de eigensinnigens fan in timmermansfeint mei in geniaal plan.

Krijt Lytse Fedde gehoar by de pommeranten en ‘hege hearen’? Doart er it oan om syn idee, dat hielendal oars is as de hearskjende opfettingen, nei foaren te bringen? Mei syn plan om de fersakjende tsjerketoer te rêden giet er op in jûn, djip weidûkt ûnder de pet, nei de dûmny. Dan docht bliken dat der yn de pastorij wier nei him harke wurdt en syn idee komt terjochte by de saakkundigen.

No wurdt it spannend: ‘Sil it wol slagje? Ha ik it wol goed berekkene? Hie ik my mar stil holden’, fersuchtet er. Mar hoopje en bidde dat it goed beteare sil.

Njonken dit ferhaal de ballade Terra Nova, oer twa oksen dy’t bepaalden wêr’t de tsjerke yn Nijlân boud waard.

M.m.f. Toanielselskip Nijlân, CMV Excelsior, Gospelkoar Terra Nova, Projektgroep Under de Toer Nijlân, Protestantse gemeente Nijlân, Doarpsbelang Nijlân, Oranjeferiening Nijlân en de ynwenners fan Nijlân. Rezjy en artistike lieding: Caro Kroon, tekst: Cor Kooistra en Hans Brans, komposysje ballade Terra Nova: Hoite Pruiksma.

Mear ynformaasje: www.nijland-online.nl / underdetoernijlan@gmail.com

Download
persmap van Merakels fan Nylân