MENU
under construction

Op de Terp Almenum

4, 5 en 6 oktober 2018

Grote Kerk Harlingen

YN KONTAKT MEI Porthleven, UK

In bolderjende see. Razende seemeunsters bûkje tsjin de seedyk op, se stoarmje kolkjend de stêd yn. Poerlilk slepe se bern mei de see yn, foar altyd… Wêr binne se?? In widzesankje docht de siken ynhâlde en soarget foar ferrassings.

Libbensgrutte poppen, muzyk, sang en
dûns yn in kleurryk dekôr fertelle oer de iuwenâlde eangst foar de stoarmjende see en oer ferlies. Mar ek oer treast op de feilige terp mei dêrop de tsjerke.

In bysûnder byldzjend teaterspektakel yn en rûn de Grutte Tsjerke fan Harns. Mei in dûnsgroep, ferskate koaren, in band en in organist dy’t it oargel stoarmje lit en mei poppespul troch bern fan de basisskoallen yn ’e stêd.

M.m.f. Tieneke van Montfort: poppespull, Wies Noest: rezjy en artistike lieding, Frank Belt: ferteller, Karen Apon: byldzjend keunstner, Eeuwe Zijlstra: organist, dûnsgroep Duende, learlingen fan basis- en fuortsetûnderwiis Harns, keunstnerssosjéteit Zilt, popband, Koar Grutte Pier, Ferienings Oud Harlingen, Gemeentemuseum it Hannemahûs, Keunstútlien HA-15 Harns, Stichting Expeditieschip Willem Barentsz, Beng Evenementen.

Mear ynformaasje: info@opdeterpalmenum.nl

Download
persmap van Op de Terp Almenum