MENU
under construction

Sint Vitus Passie

18 – 27 maaie 2018

St. Vituskerk Wetsens

YN KONTAKT MEI Hoch-Elten en Sicilië

In fokaal trijelûk

Op in sneintemoarn yn 1842 stiet preekster Vitalis op ’e preekstoel yn de Sint Vitus Tsjerke fan Wetsens. Se preket oer Simson, rjochter fan it folk fan Israël yn it jier 1000 foar Kristus. Yn de timpel fan Dagon stiet er, midden yn de mannichte minsken. Skeind troch mishanneling, blyn en oanslein. Syn hannen taaste nei de pylders, skynber om steun te finen. Yn werklikheid lûkt er, yn in lêste krêftsynspanning, de pylders om, sadat de timpel fan de Filistinen ynstoart.

Noch ûnder de preek stoart ek de toer fan Wetsens mei lûd bolderjen yn… Wie it de bliksem? De wraak fan Vitus? Simson?
 Of dochs..?

De tsjûgen rinne yn prosesje nei it plak dêr’t earder de toer stie. Dêr klinkt it slotkoraal.

Komponist: Anne E. de Bruijn, tekst: Ina Sijtsma, mei: ferskate solisten, ynwenners Wetsens, Vocaalensemble Promovocale en koarleden út Nijewier en Dokkum.

Mear ynformaasje: www.vituspassie.nl

Keapje jo kaartsjes hjir

Download
persmap van Sint Vitus Passie