MENU
under construction

Skeltemania

20 - 23 septimber 2018

Protestantse Kerk Schettens

YN KONTAKT MEI Bunde, Duitsland

Yn it foarportaal fan de tsjerke fan Skettens hong sûnt minskeheugenis in helm, gewoan in âld helm. Oant in iverich museumkonservator der in foto fan op it ynternet seach. Hy skille, naam syn wite hânskuon mei en ynienen wie de helm in unyk eksimplaar út de tiid fan de Tachtichjierrige Oarloch, taskreaun oan de Fryske militêr Skelte fan Aysma út Skettens. Yn ien klap wie Skettens wrâldnijs. Foegje

hjir de resinte ûntdekking fan in grê elder mei skeletten ûnder Skelte syn grêfstien oan ta en it is net frjemd dat der yn de mienskip ûnderwilens in ‘Skeltemany’ libbet.

Yn dizze muzykteaterfoarstelling nimme we jo as publyk mei yn dizze Skeltemany. We folgje de roustoet fan dizze Fryske held, ferwikkele yn in Europeeske oarloch, en sille stilstean by de rol fan helden yn ús eigen libben, hjirby begelaat troch de muzyk fan it ferneamde fanfareorkest Excelsior Schraard.

M.m.f. Fanfareorkest Excelsior Schraard, toanielferiening Skettens. Muzikale lieding: Thom Zigterman. Tekst en rezjy: Eelco Venema.

Mear ynformaasje: skeltemania@gmail.com

Download
persmap van Skeltemania