MENU
under construction

Slauerhoff – In Memoriam Patris

4 augustus - 6 oktober 2018

Dorpskerk Huizum

YN KONTAKT MEI Jever, Duitsland

Jan Jacob Slauerhoff (1898-1936), ien fan Nederlâns grutste dichters, kaam út Ljouwert. Syn wurk waard yn 26 talen oersetten. De altyd ûngeduerige, flamboyante en mankelyke man, befarre alle wrâldseeën. Syn langste gedicht, mei mar leafst 34 strofen, is In Memoriam Patris. It giet oer syn heit en de man syn begra enis yn Huizum.

Yn 2018 komt de ynternasjonaal lauwere Slauerhoff werom nei syn bertestêd en nei it âldste monumint fan Ljouwert (12e iuw):
De Doarpstsjerke Huizum. De ‘ferlerne soan’ siket dêr syn heit. It antwurd op de bysûndere syktocht fan dizze unike Nederlanner krije jo in eksposysje en 8 teaterfoarstellingen yn en rûn dit monumint dat sels ek tige it besjen wurdich is.

Neist dizze twa haadeveneminten komt der ek in Slaueroff route yn de stêd en wurdt it gedicht In Memoriam Patris yn 9 talen oersetten: in unyk ynisjatyf. Fan Frysk oant Russysk, fan Frânsk oant Sjinees. Op 7 septimber 2018 is de boekpresintaasje.

Artistyk lieder en regisseur: Gooitsen Eenling, skript: Gerit Jan Zwier. M.m.f. in fiiftal koaren, tsientallen frijwilligers fan de Doarpsstjerke, wykorganisaasje Huzum-East en in stikmannich oaren.

Mear ynformaasje: www.facebook.com/dorpskerkhuizum

Eksposysje Slauerhoff: In Memoriam Patris: 4 augustus – 6 oktober Teaterfoarstelling Slauerhoff: In Memoriam Patris: 14 – 23 september Presintaasje ‘Slauerhoffs In Memoriam Patris in Tien Talen’: 7 september Slauerhoff lêzing door Arne Zuidhoek: 4 oktober

Download
persmap van Slauerhoff – In Memoriam Patris