MENU
under construction

Wat zag de Lemster Toer?

2 – 3 juny, 7 july – 30 septimber 2018

Ned. Hervormde Kerk Lemmer

YN KONTAKT MEI Duitsland

Geduerende 300 jier seach de Lemster
Toer De Lemmer feroarjen: skersmienskip waard rekreaasje-hotspot. Under him de monumintale tsjerke mei de byldhoude kânsel, it Ypma-oargel en, as in rmamint boppe de leauwenden, de plafondskilderingen. Hy seach der notabelen yn begroeven wurde; Fedde Schurer dy’t hjir syn gedichten skreaun en
de gedichten fan de Dútske dichter Heinrich Heine oersette. Om har hinne seach se eardere ynwenners hurd wurkjen as skers
en se seach de Lemster akebou orearjen. Mar ek de gefolgen fan de Ofslútdyk binne har net ûntgean: it teloargean fan de skerij, De Lemmer waard in wettersportplak. Rintje Ritsma, Epke Zonderland en Sjenkie Knegt har hjoeddeiske helden. De Lemster dichter Job Degenaar fertolket dizze doarps- en tsjerkehistoarje yn in oade oan de Lemster Toer. Feike van Tuinen set lieten en teksten om yn in muzykfestijn. De Lemster mienskip lit dit muzikale ferhaal hearre yn acht bysûndere konserten yn en om de
Lemster Toer.

M.m.f. goed 300 musisy út de Lemster mienskip; korpsen, koaren, pop- en bluesbands en solisten. Organisaasje: It Lemster Mannekoar

Mear ynformaasje: www.lemstermannenkoor.nl

Download
persmap van Wat zag de Lemster Toer?