MENU
under construction

Yn it Skaad fan ’e Toer

25 – 27 maaie, 5 – 20 oktober 2018

PKN-kerk Ryptsjerk

YN KONTAKT MEI Krakau, Polen

Ynienen sit de tsjerke wer fol yn Ryptsjerk. Akute godsfrucht? Nee, der giet in ferhaal rûn oer in skat ûnder de flier fan it iuwenâlde godshûs.

Yn it Skaad fan ’e Toer is in musikaal-teatrale foarstelling oer wat dit geroft teweibringt yn it doarp. De ien fynt dat in grêf foar rêst is en net skeind wurde mei. Oaren sjogge eurotekens en mooglikheden om it doarp en harrensels te ferrykjen. Dan – op in moarntiid – is de ier iepenbrutsen…

In ferhaal mei woartels nei Antje van Uylenburgh, de yn dizze tsjerke begroeven skoansuster fan Rembrandt van Rijn. En nei Antje har oare helte: de Poalske frijfochten teolooch Johannes Maccovius; op syn 27ste al heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer, tsjerklik dissidint, sûpbist en hoerenrinner.

It mystearje fan Antje, ferflochten mei de nuveraardige wize fan dwaan doedestiids en no, leit in skaad oer it doarp.

M.m.f. leden fan Koar Excentriek, Toanielferiening Wy doarre wer, âldleden fan K.M.F. Excelsior, bern fan de basisskoalle, WIG Producties en in stikmannich ynwenners fan Ryptsjerk.
Tekst: Margreet de Heer, Rynk Bosma, rezjy: Hans van Buuren.

Mear ynformaasje: www.ynitskaadfanetoer.nl / info@ynitskaadfanetoer.nl

Download
persmap van Yn it Skaad fan ’e Toer