MENU
under construction

Archief

Oer ús

Yn de kompakte projektgroep fan Under de Toer wurkje nêst de inisjatyfnimmers (Bouke Oldenhof en Jos Thie) in tal betûfte professials. It projekt wurdt mooglik makke troch de finansjele stipe fan Ljouwert-Fryslân2018 en it Prins Bernhard Cultuurfonds.

Jos Thie wennet goed tweintich jier yn Wergea en wie fan 1994 oant 2004 artistyk lieder fan Tryater (û.o. ABE!, Peer Gynt, Orfeo Aqua, Kening Lear, Twa, Pak ‘m Stanzi). Jos wie ek artistyk lieder fan Werk in Uitvoering, Ro theater en De Utrechtse Spelen. Hy regisearre resint û.o. Faderpaard en shows fan Jochem Myjer en Armin van Buuren.

Bouke Oldenhof groeide op as soan fan in tsjerkhistoarikus op It Hearrenfean. Hy studearre Nederlâns, Frysk en Teaterwittenskip yn Grins en Amsterdam. Fan de jierren ’90 ôf is er wurksum as toanielskriuwer foar û.o. De Citadel, Gnaffel, Tryater, Het Laagland en Het Zuidelijk Toneel. Opfierd waarden plattelânsminiatueren as Rolbrug, Kooibos en Lette ropping; en jeugdteaterteksten as Niemand Spaart mensen, Medusa (Hans Snoekpriis) en Untsnapping nei it Fiere Easten. Dêrneist wurke Oldenhof mei oan spektakelfoarstellingen as Abe! yn it fuortbalstadion fan S.C. Heerenveen, Hora Ruit om Slot Loevestijn hinne en De engel en de duizend doden yn de Der A-tsjerke yn Grins..

Tamara Schoppert is bij het Friese publiek  bekend als actrice bij Tryater (Ronja de Roversdochter, Pak ‘m Stanzi). Als regisseur/maker leverde ze de afgelopen jaren meerdere jeugdvoorstellingen (Dixi, Fabelkracht, Biggels en Tuiten, Mama Gazoline). Onlangs speelde ze in het succesvolle Grutte Pier fan Kimswert van de PeerGrouP en in 2016 toert ze met DOEK! van Pier 21 door de provincie. Ze bouwde van 2010-2014 als artistiek leider mee aan het jaarlijkse UITfestival in Leeuwarden en was in de zomer van 2016 interim projectleider van De Reis, het participatieproject van Keunstwurk.

Tamara Schoppert is by it Fryske publyk  bekend as aktrise by Tryater (Ronja de Roversdochter, Pak ‘m Stanzi). As regisseur makke sy de ôfrûne jierren ferskate jeugdfoarstellingen: Dixi, Fabelkracht, Biggels en Tuiten, Mama Gazoline). Okkerlêsten spile sy yn it suksesfolle Grutte Pier fan Kimswert fan de PeerGrouP en yn 2016 toert se mei DOEK! fan Pier 21 troch de provinsje. Tamara boude fan 2010-2014 as artistyk lieder mei oan it jierlikse UITfestival yn Ljouwert en wie yn de simmer fan 2016 interim-projektlieder fan De Reis, it partisipaasjeprojekt fan Keunstwurk.

none

Freek van Duijn is in kultureel ûndernimmer mei in protte ûnderfining. Hy wie saaklik leider fan it RO theater (1985-1996), direkteur fan Schouwbrug Arnhem en Musis Sacrum (1996-2002). Sûnt 2002 wurket hy as adviseur, interim-manager en projektlieder foar in grut ferskaat oan kulturele ynstellingen lykas grutte skouboargen en teaterselskippen yn Nederlân.

Sjoeke-Marije Wallendal (1983) studeerde in 2006 af aan de opleiding Docent Theater (ArtEZ Zwolle) waarna zij begon met regie-assistenties en regisseren op freelance basis, onder andere voor haar eigen stichting NijT. Sinds 2013 is ze één van de regisseurs in het Collectief van Kameroperahuis, productiehuis voor muziektheater. In 2015 behaalde ze de master Regie aan het RITCS in Brussel. Tegelijkertijd volgde ze een postgraduaat in zintuiglijk ervaringstheater van Teatro de los Sentidos in Barcelona. Hierin specialiseerde zij zich verder in theater waarbij de beleving en ervaring van de bezoeker centraal staat.

Sjoeke Marije Wallendal studearre yn 2006 ôf oan de oplieding Docent Theater (ArtEZ Zwolle). Dêrnei  begûn sy mei regyassistinsjes en regy’s, ûnder oaren by har eigen stichting NIJT. Sûnt 2103 is sy ien fan de regisseurs yn it Collectief van Kameroperahuis, produksjehûs foar muzykteater. Yn 2015 behelle sy de master Regy oan it RITCS yn Brussel. Tagelyk folge sy in postgraduaat yn sintúchlik erfaringsteater fan Teatro de los Sentidos yn Barcelona. Hjiryn spesjalisearre sy har fierder yn theater dêr’t de belibbing en de erfaring fan de besiker sintraal stiet.

Stichting Under de Toer

It bestjoer bestiet út:

Thom van der Goot (foarsitter)
njonkenfunksjes: bestjoersfoarsitter fan de foaroplieding teater De Noorderlingen, bestjoerslid fan Prins Bernhard Cultuurfonds Drenthe en adviseur by de ‘Drentse Culturele Gemeente 2017’  Tynaarlo.

Sjoerd IJbema (sekretaris)
njonkenfunksjes: vrijwilliger Fries Filmarchief

Klaas Scheffer (skathâlder)
njonkenfunksjes: skathâlder fan de Commerciële Club NW Fryslân en fan Stichting HOMSK theater

De direksje bestiet út:
Freek van Duijn (saaklik lieder) en
Jos Thie (artistyk lieder)

 

Mear

Fia de link kinne jo it jierferslach, projectplan en de jierrekken besjen.

 

Stipers

Leeuwarden-Fryslân 2018

Under de Toer is ien fan de projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018. De iepeningsfoarstelling yn de Grutte of Jacobijnertsjerke yn Ljouwert wurdt mei mooglik makke troch in finansjele bydrage fan KH 2018. Alle 32 projekten wurde opnommen yn de programmearring  fan Kulturele Haadstêd.

Prins Bernhard Cultuurfonds

It Prins Bernhard Cultuurfonds is de belangrykste finansier fan de twaëntritich manifestaasjes yn de ferskate tsjerken. It fûns wol mei dit projekt de gearwurking stimuleare tusken profesjonele keunstners en ferieningen en inisjativen yn de mienskip dy’t keunst produsearje yn de frije tiid. Foar elk projekt stelt it fûns maksimaal € 12.000 beskikber. Boppedat stelt it ekstra finansjele middels beskikber foar stipe op artistyk-ynhâldlik as praktysk-organistaroarsyk mêd.

Extra stipe

Elk projekt makket syn eigen begrutting, wêrtroch neist de bydrage fan it Prins Bernhard Cultuurfonds oare ynkomsten mooglik binne. Tink oan ynkomsten út kaartferkeap, sponsoring en bydragen fan oare fûnsen.
Foto’s: Tryntsje Nauta