MENU
under construction

Tachtich plannen yntsjinne

Snein 15 jannewaris wie de lêste dei wêrop gearwurkingsferbannen út hiel Fryslân har plannen yntsjinje koene foar Under de Toer. Siet it oantal projekten in wike foar de deadline noch om de tritich, de einteller stiet mar leafst op tachtich yntsjinne plannen.

De yntsjinne plannen komme út doarpen en stêden, bestrike de hiele provinsje fan De Lemmer oant Dokkum en fariearje fan in rituele stiltemanifestaasje oant totaalspektakels. De seleksjekommisje ûnder lieding fan Freek fan Duijn kin no oan de slach om mei soarch en oandacht tritich projekten te selektearjen. Yn de earste wike fan febrewaris nimme sy kontakt op mei de ynskriuwers en wurdt de earste kar makke. Heal april wurdt de definitive seleksje bekendmakke.