MENU
under construction

Under de Toer start al op 1 jannewaris 2018!

We sjogge der mei ús allen en mei hiel Fryslân nei út: 2018, it jier fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân. Op 28 jannewaris wurdt it kulturele jier iepene, mei ûnder mear it Under de Toer-projekt Marijke Muoi as iepeningsfoarstelling. Mar feitliken start Under de Toer it kulturele jier al op 1 jannewaris 2018, mei De Frijtinker.

We begjinne it jier mei in bysûndere manifestaasje yn Drylts, De Frijtinker, oer de reis fan frijheid en frijtinkers. “De Frijtinker makket diel út fan in rige fan fiif foarstellingen. Dat wy it kulturele jier ôftraapje op 1 jannewaris, is dan eins ek foaral út praktyske oerwagings. Mei in oare foarstelling yn oktober, soenen we it wat de tiid oanbelanget net oprêde”, seit Ypy Zysling, regisseur fan De Frijtinker.

“It is bysûnder om starte te meien, mar it freget ek nochal wat fan dyn spilers en meiwurkers. As je ja sizze tsjin de foarstelling, sizze je ek ja tsjin de repetysjes, dy’t yn dit gefal fansels ek yn de krystperioade plakfine. Der dogge wol hûndert minsken mei oan dizze produksje: professionals, keunstbeoefeners en frijwilligers efter de skermen, mar elkenien wie lokkigernôch hiel entûsjast.”

De Frijtinker spilet him ôf op fiif lokaasjes. It begjint yn ‘e kroech, dan geane je nei it tsjerkhôf wêr’t de katolike St Mauritiustsjerke stien hat, fierder nei de Mauritiustsjerke, de Doperske Tsjerke en de Stadslaantsjerke en einiget wer yn de kroech. “Tesfalem, spile troch Mauricio Plat, wurdt troch kastleinske Gearte (Titia Huisman) meinommen lâns de tsjerken fan Drylts. Yn in setting fan teater, dûns en muzyk moetsje se in doperske marteleresse, in garismatyske predikant en in djipleauwige fabrikant; stik foar stik minsken dy’t foar harren prinsipes steane. Frijtinkers.”

 Kaarten binne fan septimber 2017 ôf te keap fia www.muziektheaterijlst.nl.