MENU
under construction

Archief

Under de Toer libje ferhalen

Under de Toer bestiet út 32 manifestaasjes dy’t har ôfspylje yn ien fan de goed 750 religieuze gebouwen dy’t ús provinsje ryk is. It begjint mei ferhalen, dy’t har ôfspile ha yn de tsjerke. Dizze ferhalen binne útgongspunt foar manifestaasjes dêr’t keunstners yn de mande mei de mienskip de ferhalen yn ferbyldzje. Ferhalen dy’t fertsjinje ferteld te wurden, omt sy ek safolle fertelle oer de mienskip om de tsjerke hinne.

32 ferhalen

Wy libje mei ferhalen, en fertelle se withoe graach oan elkoar troch. Dêr’t minsken by elkoar komme ûntsteane ferhalen en wurde dy trochjûn. Yn earder tiden wiene it yn Fryslân de terpen dêr’t de minsken elkoar troffen. Beskûl sykjend foar it seewetter, mar ek om swiet wetter te heljen út de mienskiplike put. Dêrom steane safolle Fryske tsjerken op in terp. Helt fan tiden dogge sy noch tsjinst as Godshûs, mar somtiden ek as galery, teater, winkel of wenhús; inkeld steane sy ek gewoanwei leech. Mar altyd bliuwe it bouwurken fol ferhalen. Religieuze ferhalen, en ek anekdoates oer oare grutte en lytse dingen dy’t der yn de mienskip gebeure. Hieltyd weroan wurde dy ferhalen betocht en trochferteld.

Foarbylden

Terschelling

In groep jongeren slûpt út nijsgjirrigens de tsjerke yn. Ynienen steane se each yn each mei de âlde koster. Hy nimt harren mei op in reis troch syn oantinkens. Frjemd genôch gean dizze werom oant yn it jier 1230, doe’t in iensume muonts oer it Waad doarme, sykjend nei in ko dy’t fuortrûn wie. It liket wol as is de koster like âld as de stiennen fan de tsjerke sels. Wylst de jongeren besykje it mystearje te ûntsiferjen, begjint ynienen it oargel te spyljen.. Lês mear.

Oldeberkoop

Et verhael gaot dat d’r in et karkien van 
Ni’ jberkoop ooit twie peerden ommekommen binnen. De peerden weren losraekt en bin,
 zo bleek laeter, op et karkhof van et dörpien telane kommen. Et karkien was niet best meer, zodat et niet meer bruukt wodde. Doe d’r nao een scho en toch weer es goenend kwammen, laggen daor de verdwenen peerden, allebeide dood. Ok al is et karkien van Ni’ jberkoop al lange vot, et verhael is
nao al die jaoren nog bekend. Lês mear.

Ljouwert

Yn de Grutte of Jacobijnertsjerke yn Ljouwert leit de stammem Marijke Meu fan ús keningshús begroeven, Maria Louise van Hessen-Kassel. Yn 1795, yn de Frânse tiid nei de Bataafse Revolúsje, is har grêf skeind troch minsken dy’t poerrazend lilk wiene op de machtshawwers. Har bonken waard mei trommele, har holle waard mei fuotballe. Jierren letter waard der noch in kistje mei in harsenpanne fan Maria Louise by de tsjerke besoarge. Marijke Meu leit no mei twa hollen yn de tombe yn de Grutte Tsjerke in Ljouwert. Lês mear.

Disiplines

De inisjatyfnimmers fan Under de Toer sjogge yn dy grienmank oan ferhalen dy’t om de tsjerke hinne ferteld wurde, in oanlieding foar ynteressante projekten. Manifestaasjes wêrby’t keunstners út ferskate disiplines wei gearwurkje mei de mienskip. Sy fertelle elkoar in bysûnder ferhaal út dy tsjerke en ferbyldzje it. Sa fertelt de ien har ferhaal yn de foarm fan sang of toaniel en docht de oar dat mei dûns of byldzjende keunst. Besjoch alle projekten hjir.

Europa

In protte tsjerken en gemeenten ûnderhâlde kontakten mei tsjerken en mienskippen earne oars yn Europa. Yn it jier fan Europese Kulturele Haadstêd is it goed om ek in oare tsjerke by it projekt te beheljen, om it pleatslike ferhaal tsjin de Europese achtergrûn te fertellen.