MENU
under construction

Archief

Mem fan Europa mei twa gesichten

It earste ferhaal yn 2018 wurdt ferteld yn de Grutte of Jacobijnertsjerke yn Ljouwert. Op 28 jannewaris  2018 giet dêr in spektakulêre foarstelling yn premjêre, oer de meast fereneamde persoan dy’t dêr begroeven leit: Marijke Meu, Maria Louise van Hessen-Kassel, oermem fan hast alle keningshuzen yn Europa. It skript foar dizze foarstelling wurdt skreaun troch Bouke Oldenhof, de regy is fan Sjoeke Marije Wallendal, ûnder artistike lieding fan Jos Thie.

Yn Ljouwert leit de mem fan Europa begroeven. Maria-Louise van Hessen-Kassel is foarâlder hast alle regearende foarsten, neist noch in grut tal keninklike en aadlike geslachten yn Europa. Mar: der lizze twa holle yn har grêfkelder! Dat hat alles te krijen mei it grutskalige skeinen fan grêven fan de Nassaus yn 1795 nei de machtsoername fan de patriotten en de ynfal fan de Frânsen. Wapens en roubuorden fan de Nassaus waarden ferbrând, grêfmonuminten foar de earste Fryske stedhâlder Willem Lodewijk en syn frou waarden fernield, en úteinlik waarden de tritich kisten mei resten fan de Nassaus iepenbrutsen.

Spektakulêre rûnlieding

It ferhaal oer de mem fan Europa wurdt ferteld yn de Grutte Tsjerke yn de foarm fan in spektakulêre rûnlieding. It publyk wurdt ferdield yn alve groepen mei elk in begelieder dy’t har meinimt nei ien fan de alve yngongen fan de tsjerke. It is dus gjin reguliere foarstelling dêr’t je as taskôger sitte en sjogge, mar it wurdt in ûnderfining, oeral om je hinne. It sleept je mei en oerrompelt je en sprekt alle sintugen oan. It publyk is gjin taskôger mei meistanner fan de personaazjes.

Twa gesichten

It ferhaal oer it grêfskeinen en de twa hollen dy’t der no begroeven lizze, binne de yngrediïnten fan in teaterevenemint oer grime en polityk. Skriuwer Oldenhof en regisseur Wallendal stelle har publyk de aktuele fraach: hoe wolle wy regeard wurde yn it Europa fan de 21e iuw? In team fan topûntwerpers en –spilers út hiel Europa wurket oan dit barren mei, lykas Mirjam Grote Gansey (foarmjouwing) en Arjen Klerkx (projeksje).