MENU
under construction

Archief

Ynterview: Barbara Jonkers en Dennis de Vries

Twaentritich tsjerken, twaentritich unike linoleumfiken. Foar de hússtyl fan Under de Toer ûntwurpen Barbara Jonkers, selsstannich ûntwerper, en Dennis de Vries fan BW H Ontwerpers foar elke manifestaasje in eigen affysjebyld, gutst en drukt. De hússtyl sels, de kleuren, slúte neffens de twa oan by wat in tsjerke útstrield. “It oker is ynspirearre op de stienkleur fan de tsjerke, mar kleuret it gehiel ek waarm en ryk”.

(more…)

Ynterview: Arno Brok

De grutste sponsor fan Under de Toer is it Prins Bernhard Kultuerfûns. It fûns joech in bedrach fan € 500.000,- wêrtroch it projekt realisearre wurde kin. De kommissaris fan de Kening en foarsitter fan it Kultuerfûns Arno Brok sjocht út nei de realisaasje fan it projekt.

(more…)

Earste lêzing skript Marijke Muoi

Foar efkes krijt it ferhaal fan Maria Louise van Hessen Kassel al in stim, tidens de earste lêzing fan it skript fan Marijke Muoi. De alve akteurs dy’t de personaazjes spylje dûke efkes ûnder yn dizze bysûndere skiednis dy’t him desennia lyn op dit plak ôfspile hat. Under tasjend each en lústerjend ear fan Sjoeke-Marije Wallendal, regisseur en Bouke Oldenhof, dy’t it stik skreau. Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert, wêr’t Marijke Muoi as iepeningsfoarstelling fan LF208 plakfine sil, kamen op 29 juny de akteurs byinoar om foar de earste kear meielkoar it skript te lêzen. (more…)

Under de Toer start al op 1 jannewaris 2018!

We sjogge der mei ús allen en mei hiel Fryslân nei út: 2018, it jier fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân. Op 28 jannewaris wurdt it kulturele jier iepene, mei ûnder mear it Under de Toer-projekt Marijke Muoi as iepeningsfoarstelling. Mar feitliken start Under de Toer it kulturele jier al op 1 jannewaris 2018, mei De Frijtinker.

(more…)

In foarpriuwke

Ek sa nijsgjirrich nei wat wy yn 2018 ferwachtsje kinne fia Under de Toer? Guon plannemakkers jouwe in foarpriuwke fan wêr’t sy mei dwaande binne.

(more…)

Tachtich plannen yntsjinne

Snein 15 jannewaris wie de lêste dei wêrop gearwurkingsferbannen út hiel Fryslân har plannen yntsjinje koene foar Under de Toer. Siet it oantal projekten in wike foar de deadline noch om de tritich, de einteller stiet mar leafst op tachtich yntsjinne plannen.

(more…)

Bestjoer Under de Toer oansteld

Stichting Under de toer har syn bestjoer oansteld. Nêst Sjoerd Ybema as sekretaris en Klaas Scheffer as ponghâlder giet it om Thom van der Goot as foarsitter.

(more…)

In foarpriuwke

Ek sa nijsgjirrich nei wat wy yn 2018 ferwachtsje kinne fia Under de Toer? Guon plannemakkers jouwe in foarpriuwke fan wêr’t sy mei dwaande binne.

(more…)

Ynformaasjejûnen wiene ynspirearjend

De trije ynformaasjejûnen yn desimber – yn de tsjerken fan Twellegea, Holwert en Koartsweagen – leveren moaie útwikselingen op oer de plannen dy’t der op dit stuit rûnom yn de provinsje ûntwikkele wurde. Wat is it dochs hearlik om nei elkoars plannen te harkjen! En wat ynspirearret it wannear’t iepen útwiksele wurdt hoe minsken de saken oanpakke en wêr’t sy tsjinoanrinne by it ûntwikkeljen en opsetten fan in plan.

(more…)

Oftraap ynskriuwing yn Huzum

De ynskriuwing foar Under de Toer is op 23 oktober 2016 yn de doarpstsjerke fan Huzum iepensteld. Dy middeis ha inisjatyfnimmers fan it projekt in wiidweidige taljochting jûn op de plannen, binne der in stikmannich foarbylden besprutsen en waarden alderhanne ideeën útwiksele.