MENU
under construction

Archief

Pilot De Tynje

Yn 2014 waard op De De Tynje ‘Troch de buorren’ opfierd as pilot fan Under de Toer. De aanlieding wie it 110-jierrich bestean fan mzykferiening De Bazuin. Plak fan hanneling die de PKN-tsjerke. Doarpsgenoat Bouke Oldenhof skreau de tekst en toanielferiening Rjocht en Sljucht en twa koaren wurken mei. Mei as resultaat trije kear in folle, grutske tsjerke!

Fanfare De Bazuin út De Tynje noege yn 2014 nei oanlieding fan it oankommende 110-jierrich bestean de pleatslike toanielferiening Rjucht en Sljucht út foar in gearwurkingsprojekt. De inisjatyfnimmers namen kontakt op mei doarpsgenoat toanielskriuwer Bouke Oldenhof. Dy seach as lid fan de inisjatyfgroep fuortendaliks dat dit in moaie gelegenheid wie om de útgongspunten fan Under de toer út te probearjen. Oldenhof fûn in ferhaal dat him ôfspile hie yn de tsjerke, skreau de toanieltekst  ‘Troch de buorren’, dy’t De Bazuin, Rjucht en Sljucht en in kombinaasje fan de twa pleatslike koaren trijeris opfierden foar in oerfolle, entûsjaste en sels grutske tsjerke fol Tynsters.

It ferhaal

Tynje hie foarhinne in skerpe skieding tusken ’finen’ en ‘readen’. De skerpe kantsjes fan de tsjinstelling binne ûnderwilens ôfsliten, mar de tsjinstelling is net minder aktueel: de twa skoallen sille fusearje. Oldenhof hearde in resint ferhaal, dat spilet yn de Tynster tsjerke. Fjouwer Tynsters sjonge yn in ensemble: twa grifformearden, in herfoarme en in sosjalist. Tidens it ôfskie fan in ferstoarne skriuwer yn in kafee yn Drachten sjonge se op dy syn fersyk in striidliet. De trije oare manlju daagje dêrnei de sosjalist út om ek meiïnoar te sjongen yn in tsjinst yn de grifformearde tsjerke op De Tynje.

De ôfrin

Alhoewel’t syn hiele bernejierren anti-tsjerks west hiene, besleat de sosjalist oer syn beswierren hinne te stappen. Wêrop wiene dy ommers oars basearre as op âlde foaroardielen? De repetysjes gongen dat it slydjage en it wie gesellich as altyd. Under de tsjinst begjint it oargel te spyljen. De reade sjonger stelt him foar dat syn ferstoarne âlden en suster him dêr stean sjogge. De kiel knypt him ticht: hy kin gjin wurd pof noat sjonge, ta begrutsjen fan syn ensemble-maten.

Link mei it Frânse Tignes

De sênes fan dit ferhaal, ferbûn troch in poëtyske ferteller, waarden ôfwiksele mei in Tynster ferteller yn Tignes yn de Frânse Alpen. Tignes klinkt as Tynje en leit op de boaiem fan in stomar, sûnt de oanlis dêrfan krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Ien kear yn de tsien jier wurdt de mar leechmakke om de daam te ynspektearen. Parallel oan it ferskinen fan it ferdronken Tignes út de stomar, komme de âlde tsjinstellingen yn De Tynje boppe wetter.