MENU
under construction

Ynformaasjejûnen wiene ynspirearjend

De trije ynformaasjejûnen yn desimber – yn de tsjerken fan Twellegea, Holwert en Koartsweagen – leveren moaie útwikselingen op oer de plannen dy’t der op dit stuit rûnom yn de provinsje ûntwikkele wurde. Wat is it dochs hearlik om nei elkoars plannen te harkjen! En wat ynspirearret it wannear’t iepen útwiksele wurdt hoe minsken de saken oanpakke en wêr’t sy tsjinoanrinne by it ûntwikkeljen en opsetten fan in plan.

Soms wie de fraach: “Hoe kin ik by myn idee de mienskip optimaal belûke?’ Oaren woene graach mear ynformaasje oer fersekeringen of de saaklike rânebetingsten. Hast alle fragen krigen in antwurd, sadat der op de trije jûnen tusken de acht en fyftjin plannemakkers mei de nije ynformaasje en goede moed op hús oan gongen.

Fiif katten op in stien
De ideeën rinne  – krekt sa’t Under de Toer ek hope – bot útinoar. It liket derop dat der aans yn 2018 in moai ferkaat fan aktiviteiten te folgjen is troch Under de Toer: sa is der in doarp dêr’t in ferdwûne tsjerkeklok no dochs de haadrol spylje mei, earne oars leare wy mooglik de fiif katten kennen fan wa’t de nammen neamd wurde op de stien fan in iensume frou. Der komme histoaryske figueren yn de skynwerpers, fariearjend fan skilders, dichters, in stjerrekundige oant in filofoof. En leau it of net: sels Cambuur soe wolris oan in tsjerke ferbûn wurde kinne troch de skerpe blik fan in lyts jonkje. Dûns, teater, muzyk en byldzjende keunst, dizze disiplines sille grif fertsjintwurdige wêze yn Under de Toer, safolle is no wol dúdlik.

Plannen ynleverje foar 16 jannewaris
Yn de kommende krystfakânsje wurdt der op gâns plakken hurd wurke om foar 16 jannewaris de opset fan in bysûndere foarstelling, in konsert(rige), in lang- of koartrinnende útstalling of in kombinaasje dêrfan yn te leverjen.

Foar elk dy’t der wie: tank foar de belutsenheid by elkaor en in protte sukses by it fierder útwurkjen fan jim plan! 

Foto: Monique Jansma