MENU
under construction

Ynterview: Barbara Jonkers en Dennis de Vries

Twaentritich tsjerken, twaentritich unike linoleumfiken. Foar de hússtyl fan Under de Toer ûntwurpen Barbara Jonkers, selsstannich ûntwerper, en Dennis de Vries fan BW H Ontwerpers foar elke manifestaasje in eigen affysjebyld, gutst en drukt. De hússtyl sels, de kleuren, slúte neffens de twa oan by wat in tsjerke útstrield. “It oker is ynspirearre op de stienkleur fan de tsjerke, mar kleuret it gehiel ek waarm en ryk”.

Wat wie jim rol yn dit projekt?
Barbara: “Ik bin yn 2016 frege oft ik in hússtyl ûntwikkelje woe foar Under de Toer. Dêr begûn it allegear mei. Der moast in webside, in logo en in typografy komme. Ik frege Dennis om my hjirby te helpen. Begjin oktober fan dat jier hawwe we de hússtyl presintearre.”
Dennis: “Yn it begjin, om alle oanmeldingen mooglik te meitsjen, moast alles digitaal ek yn oarder wêze. Dêr wie nochal wat haast by. We woenen wol metien in sterk konsept delsette. Hjirby wie it handich dat ik fergelike mei Barbara wat flugger keuzes meitsje. Wat dat oangiet folden we elkoar goed oan. Barbara bliuwt mear stean by it kreative proses, ik wurkje metien ta nei it einprodukt. En Barbara hat in soad ûnderfining mei de kulturele sektor yn Fryslân, wêr’t ik dat folle minder haw. Dêrby leit myn fokus net allinne op it ûntwerp, mar ek op it web, wat by de nije generaasje hast ûnmisber is.”
Barbara: “Ja, do hast dat dynamyske ek. Do kinst yn ‘e tiid tinke. Dêr haw ik sels wat mear muoite mei. Ik bin mear fan it platte flak, moaie typografy, it hierargysk delsette. Dennis sjocht wat mear tapast. Hy tinkt fluch, sjocht dingen gau en is ek net benaud om keuzes te meitsjen. Yn dit snelle proses wie it ek hiel noflik dat it kontakt mei de organisaasje fan Under de Toer sa goed wie.”
Dennis: “Yndie, we fine beide dat it om in gefoel giet. It giet der net allinne om wat wy makke hawwe, mar je moatte de dialooch oangean mei de opdrachtjouwer. Tegearre komme we ta in moai einprodukt.”

Wat waard úteinlik de hússtyl?
Barbara: “Tsja, it wie de fraach hoe’t we it projekt ferbyldzje woenen. In tsjerketoer is in ykpunt yn it lânskip fan Fryslân en in werkenning fan de doarpen. Wat koenen we mei dy foarm, hoe sjocht sa’n toer der eins út? Der binne fansels in protte ferskillende tuorren. Je hawwe de sipel op it punt fan de toer, of just in toer mei in midsiuwske blokfoarm. De tsjerketoer kin sawol oerdeis  as nachts alles oersjen en jout altyd de tiid oan, dêrom keazen we foar it kleurepalet fan it earste deiljocht. It oker is de bakstien. It jout in ryk en waarm gefoel.”
Dennis: “Foar my wie it byldmerk fan it begjin ôf al in bel. Om de ynteraktiviteit te fergrutsjen, liede dizze bel wannear’t je de webside besochten. ‘Hear, hear!’ hiene we derby set. It rôp de minsken op om har oan te melden foar it projekt. It wurke: Under de Toer krige tachtich oanmeldingen binnen.”

Doe’t dy tachtich úteinlik werombrocht waarden nei twaentritich, kamen jim foar in nije útdaging te stean; der moast in útering komme foar al dizze manifestaasjes, dy’t ek oerkoepeljend wie foar it folsleine projekt. Hoe dienen jim dit?
Dennis: “Yn elke tsjerke is der wol wat bysûnders te finen, elke tsjerke hat syn eigen reliken, mei syn eigen ferhalen. Dy ferhalen binne de paadwizer fan Under de Toer en úteinlik wienen it de ûnderwerpen fan de manifestaasjes dy’t de trochslach joegen foar it ûntwerp. Technysk sjoen wie it noch in behoarlike útdaging. It gefoel fan de âlde ferhalen dy’t in tsjerke kenmerkje, woenen we yn de yllustraasjestyl nei foaren bringen. We hawwe it opfette as wie it in boek: Under de Toer as útjouwer, de tsjerke as skriuwer en de manifestaasje as ûnderwerp fan it boek.”
Barbara: “We hawwe earst yn sketsen in opset makke op de kompjûter, wêr’t we de komposysje mei makken. Dêr meitsje je in print fan, yn swart en wyt. Dy lûke je oer op in stik linoleum en dan geane je dat gutsen en rôlje je dat yn mei inket. Fan dizze ôfdruk makke ik in foto mei myn telefoan en stjoerde dy nei de kompjûter, om it te bewurkjen en yn te kleurjen. It is in kombinaasje tusken it âlde ambacht en it grafyske ûntwerp. It wurkjen mei sa’n âld ambacht soarget derfoar dat it écht by Under de Toer past. Tsjerken hawwe allegear wol in ferhaal yn har sitten, yn dy iuwenâlde stiennen. It paste gewoan, om op dizze wize te wurk te gean.”

Sjoch ek: http://www.barbarajonkers.nl/  //  http://www.bwhontwerpers.nl/

Andere berichten